Cover photo for HULDE! by MFC de Beijer

HULDE!

Hulde! fan J&M Teaterwurk

Details

Saturday, Apr 10, 2027, 20:00 - 21:30

MFC de Beijer te Rinsumageast

It ferhaal fan HULDE!

Geartsje en Arend binne sechtich jier troud, dus hieper-de-piep hoera, dat moat fansels fierd wurde, no’t dat noch kin.

Wannear sy yn it hierde sealtsje binne, sjonge de bern en bernsbern harren ta en dogge it ABC fan it libben.

Nei sechstich jier is der fansels hiel wat om op werom te sjen. It stel hat tegearre hiel wat meimakke, fan historyske bewegingen oant en mei persoanlike drama’s.

En mei tank tank oan de bern en bernsbern komme al dy oantinkens wer ta libben.

Dat bringt Arend en Geartsje werom yn de tiid fan doe’t se jong wiene en elkoar foar it earst seagen. De earste tút, de rôze wolk mar ek de kreamtriennen, de ferhuzing, ûntslach en sykte.

Flower power, frije seks, it lege-nestsyndroom,  ûntslach en sykte dy’t slûpende wei samar tusken je yn stean kin. En sa glidet it hiele libben foarby mei dêrby de muzyk fan dy tiid dy’t dêr by hearde.

Tegearre mei Geartsje en Arend dwaalt it publlyk troch it doalhof fan it libben en ûnthâld. Al dy oantinkens rinne fansels lykop mei in protte selsrefleksje.

Binne sy wol sa gelokkich as sy tinke? Soene  sy saken oars dwaan as sy werom koene yn de tiid? En hoe soe harren libben der út sjoen ha, as sy oare keuzes makke hiene?

“HULDE! sit fol romantyk, drama en humor, mar foaral in hiele protte wurklikheid…”

Kaarten: €24,00 inclusief wat lekkers en één bakje koffie of thee

Datum: zaterdag 10 april 2027

Aanvang: 20:00 uur (zaal open vanaf 19:15 uur)

Locatie: MFC De Beijer, Rinsumageast

Na afloop: gezellige nazit in de bar

Wij hebben er zin in!

Activiteiten Commissie de Beijer

Voor informatie mail:

acdebeijer@gmail.com



Tickets